Hasto passy foar de Fryske taal en bist grutsk op it Frysk? Wolsto dyn learlingen as dosint Frysk meinimme op aventoer troch de skiednis fan Fryslân en fertelst se alles oer de taal en kultuer? Bisto nijsgjirrich hoe’t dyn learlingen har ûntwikkelje en wolsto dy as dosint ek ûntwikkelje troch op de hichte te bliuwen fan wat der ûnder jonge minsken libbet? Dan is de oplieding ta learaar Frysk krekt wat foar dy.